Wat binne de risiko’s?

Opbringst fan de ynstallaasje:
De koöperaasje kin net stjoere hoefolle de sinne skynt. En dat bepaalt wol hoefelle kWh de ynstallaasje opbringt.  Dat sil dus elts jier wer oars wêze. Sjoch it foarbyld fan 2021 hjirûnder. Ûtgongspunt is in gemiddelde opbringst fan 266 kWh per sertifikaat per jier. 

De hichte fan de enerzybelesting :
Dat kin feroarje. It wurdt elts jier opnij fêststeld troch it Ryk. It is de bedoeling dat de belesting elts jier yn bytsje leger wurdt. Dêr ha wy rekken mei holden by de opset fan it projekt. Yn 2022 is fanwege de enerzjykrisis de belesting tydlik ekstra ferlege mar dat wurdt kompensearre út de eksploitaasje fan de koöperaasje

Ferhúzje
As jo ferhúzje kinne jo de sertifikaten meinimme by in ferhuzing nei in adres binnen de postkoade 9024 of de oanlizzende postkoadegebieten (“postcoderoos”). Geane jo fierder fuort dan sille jo de sertifikaten oerdwaan moatte oan ien binnen dat gebied. De koöperaasje kin dêryn bemiddelje.