Griene stroom en duorsem gas ôfnimme, hoe wurket it?
De enerzjykooöperaasjes yn de doarpen fan Fryslan, Grins en Drinte ha meiïnoar in enerzjybedriuw oprjochte: Energie VanOns. Dat levert 100% griene stroom en folslein kompensearre gas oan de leden fan de koöperaasjes. It is de grienste stroom fan Nederlân en wurdt lokaal opwekt.
Ôfnimmen fan stroom en gas van Energie VanOns fia de enerzjykoöperaasje is:
EnergieVanOns.org is in enerzjyleveransier fan en foar de ynwenners fan Noard Nederlân sûnder winstdoel. Alle stroom dy’t Energie VanOns oanbiedt is opwekt troch wyn of sinne yn it Noarden, dus de noardelijke ekonomy profitearret der ek fan. De stroom is 100% grien; dat is ûndersocht troch Natuur en Milieu en De Consumenten-bond. Energie VanOns krijt in 10 en der binne mar fjouwer oaren dy’t sa’n hege skoare krije. De prizen fan Energie VanOns binne net de alderleechste, mar noch wol skerp. It is gjin priisfechter, dy’t mei kadootsjes, sjoemel-stroom en ymport fan frjemde stroom de prizen leech hâld.
Meidwaan?
Gean nei de webside fan Energie VanOns en ferjit dan net om de enerzjykoöperaasje Weidum as te stypjen op te jaan.