Yn 2020 hat de enerzjykoöperaasje in oerienkomst sluten mei Fam. Boersma oan de Wielsterdyk om 220 sinnepanelen op in pikestâl te lizzen.
Alle ynwenners fan Weidum en de doarpen dêromhinne koene yn 2020 sertifikaten keapje. Mei dy panelen wurdt per jier ûngefear 60.000 Kilowattûre stroom opwekt en oan it net ferkocht. De ynwenners fan Weidum mei sertifikaten, kinne 15 jier lang de enerzjybelesting fan de opbringst werom freegje. Der binne 200 sertifikaten útjûn en dat betsjut dat elts sertifikaat it rjocht jout om fan 1/200ste part fan de opbringst de enerzjybelesting werom te freegjen. Binne der noch sertifikaten beskikber?
Binne der noch sertifikaten beskikber?
Yn 2020 binne net alle sertifikaten útjûn; it Doarpshûs hat de lêste panelen kocht ûnder it betinkst dat dizze beskikber binne foar de Weidumers dy’t letter beslute noch mei te dwaan. Der binne op dit stuit noch 16 sertifikaten beskikber.
Wat kostet it?
Ien sertifikaat kostet 1 janewaris 2022 € 194 ,- en dat is dan gelyk oan 1,1 sinnepaneel. Dat is in ienmalige bydrage en dêr komme fierder gjin jierlijkse kosten by. As dizze ynferstearring in beswier is, dan kin de koöperaasje in diel foarfinansierje en kostet ien sertifikaat 63,-. Mar dan moat der jierliks € 12,50 per sertifikaat oan rinte en ôflossing fergoede wurde.
Wat smyt it op?
De ynfestearring by oanskaf sûnder finansiering wurdt yn ûngefear 7 jier weromfertsjinne. Dêrnei bliuwt der oan it ein fan de looptiid ûngefear € 227,- posityf saldo per sertifikaat oer. Wa’t kiest foar de legere oanskafpriis mei in jierlijkse finansieringsbydrage fertsjinnet de ynliz al nei ûngefear 4 jier werom, mar der bliuwt oan it ein minder saldo oer: ûngefear 196,- per sertifikaat.
Wat binne de risiko's?
Meidwaan mei it projekt smyt mear op as jild op 'e bank, mar der sitte wol wat risiko's oan fêst. Sa witte je yn it foar net hoefolle de sinne skine sil. Ek is net wis hoefolle enerzjybelesting je as dielnimmer werom krije. Dit wurdt elts jier fêststeld troch it kabinet. Yn 2022 is de enerzjybelesting ferlege. Of dit sa bliuwt is net wis. Adfys is om no net yn te stappen mar efkes te wachtsjen oant 2023
Mear witte of meidwaan?
Wolle jo mear witte gean dan nei FFF: faak frege fragen. Of nim kontakt op mei ús fia info@weidumduurzaam.frl