Neist in kontrakt mei in fêste priis foar in bepaalde perioade (in heal jier of in moanne) is it no ek mooglik om stroom en gas per oere ôf te rekkenjen. Om 't de leveransier by sa'n aktueel taryf gjin risiko rint binne de tariven per oere in stik leger as dy fan in kontrakt mei in fêste priis foar in langer skoft. Dit hyt in dynamysk kontrakt.
Om sa'n kontrakt ôf te sluten ha je wol in slimme meter nedich, sa kin de leveransier per oere it enerzjyferbrûk útlêze. Gas- en stroomprizen wikselje troch de dei hinne hiel bot. At der in soad oanbod is (de sinne skynt en/of it waait hurd) sakket de priis. Itselde jildt at der net in soad fraach is (nachts en yn it wykein). At je je enerzjyferbrûk oanpasse kinne - nachts de wask draaie, oerdei de hybride auto oplade - dan ha je maksimaal profyt fan de geunstige prizen.
In dynamysk kontrakt hat wol as risiko dat de priis ynienen omheech gean kin at de enerzjymerk wer oanlûkt.
Leveransier Energie van Ons biedt ek in dynamysk kontrakt oan. Wolle jo oerstappe, mar fine je it noch wat yngewikkeld? De bestjoersleden fan Doarpsenerzjy Weidum springe graach even by!