It is wer mooglik om oer te stappen nei in oare enerzjyleveransier. De ôfrûne jierren wienen de prizen op 'e wrâldmerk sa heech, dat leveransiers gjin nije kontrakten mei in lange looptiid of in fêste priis oanbiede woene. De enerzjymerk siet folslein op slot. Fanôf begjin 2023 is de merk wer stabilisearre en sakje de prizen. Bygelyks de gaspriis fan Energie van Ons! Dy is yn seis moannen werom gongen van € 2,88 per m3 nei € 0,78 per m3. Foar in oersjoch fan tariven fan ferskate leveransiers sjoch by FAQ.