Jiergearkomste 9 juni 2022

9 maaie 22

De Jiergearkomste is net trochgien yn 2021, mar dit jier kin it wer wêze. Alle leden binne op 9 juni 2022 fan herte wolkom yn it doarpshûs, mar ek ynwenners dy’t gjin lid binne mar wol ynteressearre binne yn de saken dêr’t de kooperaasje mei dwaande is, binne wolkom (mar ha dan gjin stimrjocht). Op de wurklist steane de gebrûklike ûnderwerpen sa as it jierferslach fan de ponghâlder en de skriuwer. Mar wêr it bestjoer it foaral  oer ha wol is de plannen foar de takomst.

Út de opbringsten fan de sinnepanelen en de “wederverkopersregeling” is der romte om te ynfestearjen yn de leefberheid en duorsemheid fan it doarp. Wa’t ideeën hat is fan herte wolkom.