Yn oktober sil in fix-team fan handige frijwilligers oan 'e slach om Weidumer húshâldens te helpen mei lytse enerzjybesparjende maatregels. Tink oan tochtstrips, radiatorfoly, brievebusboarstels, dat soarte fan dingen. Doarpsenerzjy leveret it materiaal en kin in frijwilligersfergoeding bekostigje (út in subsyzjeregeling). Dy fergoeding giet nei de feriening dêr 't de betreffende frijwilliger aktyf foar is.
De aksje fynt plak op fjouwer sneonen: 12 oktober, 19 oktober, 26 oktober en 2 novimber. It fix-team giet yn twatallen by de huzen del dy 't harren oanmelden ha foar de aksje. Yn it foar is al yn kaart brocht wat der per hûs krekt barre moat.
By alle adressen yn Weidum is begjin septimber in enkête rûnbrocht om de belangstelling te peilen. Ha jo dy mist? Oanmelde kin noch oant 1 oktober. Kin per mail nei k.westra@planet.nl. Of belje eefkes: 06-11857033.