De grutste kostenpost op de enerzjyrekken is it gasferbrûk. Dêrom is it foaral wichtich om dat ferbrûk te beheinen. Faak is der al in soad winst te heljen troch ienfâldige maatregels. In enerzjycoach kin dêr by helpe. Wolle jo ynvestearje yn boukundige maatregels fan it hûs sa as isolaasje fan flier, muorren of dak, dan kin de enerzjyadviseur fan de koöperaasje in rapport opstelle welke maatregels dan ferstandich binne.
Enerzjycoach
It gas- en stroom ferbrûk yn in wenning kin al leger wurde troch ienfâldige maatregels, dy’t net folle hoeve te kostjen mar dochs al wat opsmite. In enerzjycoach kin dêr by helpe. Hy komt lâns en yn oerlis mei de bewenners besjocht hy hoe’t sûnder grutte yngrepen besparre wurde kin op it enerzjyferbrûk en dus ek op de kosten. Foar elts spesifyk gefal sille de bêste maatregels ferskillend wêze; de coach kin helpe mei út te sykjen wat it measte helpt en wat al goed ynoarder is. Dizze quick scan is fergees foar alle ynwenners fan Weidum. It wurdt útfierd troch Klaas Hofman. Hy is ûnofhinklik enerzjycoach en wurket ûnder oaren foar it Energieloket fan de gemeente Ljouwert. Enerzjykoöperaasje Weidum regelet wannear de coach by jo komme kin en betellet de kosten.
Enerzjyadviseur
Wa’t oerwaget om it hûs te isolearjen, komt foar fragen te stean: earst it dak of earst de flier?
Of dochs de muorren en de rúten? Alle Weidumers dy’t graach mear witte wolle kinne fia de koöperaasje gebrûk meitsje fan in ûnôfhinkelike enerzjyadviseur. Hy stelt in rapport op welke yngrepen it measte rendemint ha en wat bygelyks best wat letter kin. Dat is foar elk hûs ferskillend.
Der wurde mei in waarmtekamera ek infrarood foto’s makke, dêr’t op te sjen is wêr’t de grutste waarmtelekken yn it dak of de gevel sitte. It meitsjen fan de waarmtefoto’s is ûnderdiel fan it advys.
Doarpsenerzjy hat mei Tjalling Reitsma, in ûnôfhinklik adviseur in priis fan € 200 ôfpraat, en dêr betellet de koöperaasje de helte fan. It kostet dan dus noch € 100.
Meidwaanof mear witte? Stjoer in e-mail nei info@weidumduurzaam.frl en dan wurdt it regele.