Doarpsenerzjy Weidum is in inisjatyf fan ferieniging It Nut Weidum. It is in selsstannige koöperaasje mei in eigen bestjoer.
Doarpsenerzjy:
Stroom en gas
Fia de koöperaasje kinne de ynwenners fan Weidum duorseme stroom en sertifisearre gas ôfnimme fan de enerzjymaatskippij Energie VanOns. De stroom is de grienste stroom dy’t yn Nederlân beskikber is, “sjoemelstroom” wurdt net oanbean. Mear witte?
Sinnepanielen
Op in pikestâl fan Fam. Boersma hat de koöperaasje 220 sinnepanelen lein en alle ynwenners fan Weidum en omkriten kinne een sertifikaat oanskaffe en meidiele yn de opbringst. Wa’t stroom of gas ôfnimt of sertifikaten hat yn it sinnepanelen-projekt is automatysk lid fan de koöperaasje. Mear witte?
Enerzjy besparje
De koöperaasje biedt help oan by beheinen fan it stroom- of gasferbrûk. Alle Weidumers kinne fergees gebrûk meitsje fan in enerzjycoach foar in ‘quick scan’. Wa’t fierder gean wol en syn hûs ûndersykje litte wol kin foar de helt fan de priis in enerzjyadfiseur komme litte.
Foar de quick scan of it enerzjyadfys hoege jo net lid te wêzen fan de koöperaasje. Mear witte?
Yn oktober sil in fix-team fan handige frijwilligers oan 'e slach om Weidumer húshâldens te helpen mei lytse enerzjybesparjende maatregels. Tink oan tochtstrips, radiatorfoly, brievebusboarstels, dat soarte fan...
Foar de dielnimmers oan de sinnepanielen aardich om te witten dat de aktuele opbringst fan de sinnepanielen no op elk momint te folgjen is fia dizze link:
Neist in kontrakt mei in fêste priis foar in bepaalde perioade (in heal jier of in moanne) is it no ek mooglik om stroom en gas per oere ôf te rekkenjen. Om 't de leveransier by sa'n aktueel taryf gjin risik...
It is wer mooglik om oer te stappen nei in oare enerzjyleveransier. De ôfrûne jierren wienen de prizen op 'e wrâldmerk sa heech, dat leveransiers gjin nije kontrakten mei in lange looptiid of in fêst...